Tsjûgen socht fan mishanneling

23 feb 2010 - 09:47
  • De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan in mishanneling yn de ôfrûne sneontenacht by in flat oan de Eikenstrjitte. In 23-jierrige frou út de stêd is doe mishannele troch har freon. Se waard skopt en slein en rekke ferwûne oan har gesicht. De man waard sneintemiddei oanhâlden.

It stel krige nachts om in oere as trije spul en by de fjochterij makken se nochal wat leven. Wa't mear fertelle kin, wurdt frege de plysje te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)