Tsjûgen socht fan mishanneling

17 nov 2009 - 10:46

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling fan in 23-jierrige Snitser. It slachtoffer rûn yn de nacht fan freed op sneon oer de Gedempte Poortezijlen. Hy woe dêr in fytser oansprekke dy't in neef fan him lestich fallen hie.

De Snitser stapte op de man ôf. Fan dat momint ôf wit er net mear wat der bard is. Hy waard bliedend op strjitte oantroffen. De Snitser hie ferwûnings oan de holle en waard oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)