Tsjûgen socht fan mishandeling

31 jan 2007 - 10:22

De plysje siket tsjûgen fan de mishandeling fan in plysjefrou, sneintemoarn betiid yn de Doelesteech yn Ljouwert. De plysje woe in man oanhâlde foar it fernielen fan in fyts, mar waard ûnderút helle doe't se de man achterfolge troch de Doelesteech.

De fytsefernieler waard op de Willemskade oanhâlden, mar de plysje wol graach witte wa't de plysjefrou ûnderút helle hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)