Tsjûgen socht fan klemriden

23 apr 2011 - 13:58

De plysje siket tsjûgen fan in konflikt tusken in automobilist en in racefytser. Dat konflikt spile ferline wike sneontejûn. Op de krusing fan de N31 en it Aldlân by Marsum ergere in bestjoerder fan in griene Mercedes him oan it ferkearsgedrach fan de fytser. Hy achterfolge de fytser mei hege snelheid en drukte him oan de kant. De fytser koe dêrby mar krekt in tsjinlizzer ûntwike.

De fytser hat oanjefte dien fan it ynsidint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)