Tsjûgen socht fan fernielings yn Boalsert mei pinksterwykein

26 maaie 2015 - 18:56
  • De lokaasjes fan de fernielings yn Boalsert

De plysje docht op Facebook in oprop foar tsjûgen fan fernielings en brânstichting yn Boalsert. Yn dy stêd sloegen fandalen mei it pinksterwykein ferskate kearen ta. Der is fjirtjin kear oanjefte dien fan fernieling oan autobannen en autospegels, oan bannen fan in oanhingwein en fan oare saken, ek op in folkstúntsjekompleks. Fierders is in fytskarre yn in foartún yn de brân stutsen.

It fandalisme wie op ferskate plakken en yn ferskate nachten. De plysje wol graach prate mei tsjûgen en oare minsken dy't der mear fan witte.

It wie dy dagen folle drokker as oars yn Boalsert fanwege de fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)