Tsjûgen socht fan fernielerij

23 jun 2011 - 10:47

De plysje siket fjouwer jonges dy't fertocht wurde fan fernielerij. Dat barde yn it wykein nei Himelfeartsdei yn in leechsteand bedriuwsgebou oan de Jousterwei op It Hearrenfean. Om deryn te kommen brutsen se it stek iepen. Se hawwe 50 ruten fernield, graffity op de muorren spuite en brânblussers lege.

De plysje hat bewakingsbylden fan de jonges en hopet dat tsjûgen harren melde. De bylden steane op www.dadergezocht.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)