Tsjûgen socht fan brân wykgebou

05 jan 2007 - 10:37

De plysje siket tsjûgen fan brânstifting yn wykgebou De_Frosk oan de Salomonszegel yn Ljouwert.

Aldjiersjûn seach ien fan de behearders dat it gebou yn 'e brân stie. It gebou wie oan de achterkant yn brân stutsen. De brânwacht wie gau by de brân, mar koe net te foaren komme dat der in_protte skea oan it wykgebou ûntstie. Tsjûgen kinne har melde by de plysje op telefoannûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)