Tsjûgen socht fan brân kantine

01 sep 2011 - 10:13

De plysje siket tsjûgen fan in brânstifting op It Hearrenfean. Om in oere as trije ûntstie tiisdei brân yn de kantine fan de rugbyclub oan de Buitenbaan. Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien yn in kontener. Dêrnei is it oerslein nei de kantine. It gebou rekke swier skansearre.

Doe't in fotograaf ûnderweis wie nei de brân seach hy trije jonges rinnen mei twa fytsen. De plysje wol graach mei har yn kontakt komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)