Tsjûgen pakke sieradedief

10 jun 2014 - 17:01
  • Oanhâlden

Twa jonges hawwe tiisdeitemiddei op It Hearrenfean in 40-jierrige sieradedief út St. Jansgea oppakt. De man hie by in juwelier op De Dracht sulveren ringen stellen. In meiwurkers seach hoe't de dief de sieraden van in befeiligingskabel luts en yn 'e bûse die. Dêrnei naaide er út.

Bûten de winkel koe de dief lykwols troch de twa jonges tsjin de grûn wurke wurde. De plysje hat him dêrnei oanholden en meinaam nei it buro. De sieraden binne yn beslach naam. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)