Tsjûgen pakke Ljouwerter ynbrekker

27 mrt 2016 - 10:36
  • Oanhâlding

In 31-jierrige Ljouwerter is sneontejûn oanhâlden doe't er besocht yn te brekken oan de Lijsterstrjitte yn syn wenplak. In tsjûge hearde ynbrekgelûden en seach de fertochte dêrnei gau fuortdraven. De tsjûge gie der tegearre mei in oare persoan efteroan. Se pakten de man by it swimbad oan de Jelsumerstrjitte. De plysje kaam al rillegau en hat de fertochte meinaam nei it plysjeburo. Hy wurdt snein heard.

De bewenner fan de wenning oan de Lijsterstrjitte hat oanjefte dien. Ut ûndersyk docht bliken dat in rút yn syn sliepkeamer fernield is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)