Tsjûgen oerfal Stiens frege

07 maaie 2009 - 10:19

De plysje siket tsjûgen fan in oerfal op in winkel yn de Ljipstrjitte yn Stiens. Woansdei oan de ein fan de middei kaam in man binnen. Hy bedrige trije meiwurkers mei in fjoerwapen en easke dat se de klûs legen. Dêrnei naaide er mei it jild út.

De dieder is in blanke man fan likernôch 1.90 meter lang. Hy hie koart hier en in kamûflaazjebroek oan. Tsjûgen kinne de plysje belje op nûmer 0900 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)