Tsjûgen oerfal socht

17 mrt 2006 - 15:11

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in oerfal op in frou fan 71 jier. De frou siet tongersdeitejûn by de Bilgaardpassage op in bankje op de bus te wachtsjen. Dêr waard har tas stellen, dy't se njonken har op de grûn set hie. De oerfaller naaide dêrnei út. De frou is bot oandien troch de oerfal.

De plysje siket ek kontakt mei in frou dy't woansdei op de Roekstrjitte hast itselde oerkaam is. It soe mooglik om deselde dieder gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)