Man oerfallen en fêstbûn

11 maaie 2014 - 11:44
  • Wapene oerfal

Oan de Koerierstersespel yn Ljouwert is sneonteacht in man troch trije manlju oerfallen en fêstbûn. Doe't it slachtoffer thúskaam, waard hy troch de trije bedrige mei in fjoerwapen.

In famyljelid hat de man letter fûn en losmakke. Dêrnei waard de plysje warskôge. It slachtoffer is foar behanneling nei it sikehûs brocht. It is noch net dúdlik oft de trije manlju wat meinommen hawwe.

De plysje hat fuortdalik de buert ôfset en is mei in ûndersyk úteinset. De trije manlju hiene allegear in bivakmûtse op en praten Arabysk meielkoar. De plysje siket noch nei tsjûgen of minsken dy't oars ynformaasje hawwe oer de oerfal oan de Koerierstersespel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)