Tsjûgen oerfal Drachten socht

06 jun 2009 - 14:11

De plysje ûndersiket in oerfal op in winkel oan de Oosterstrjitte yn Drachten. Freedtemoarn om 11.00 oere kaam in man de winkel yn en sloech mei in hammer de fitrine stikken en naam in tal sieraden mei.

Hy draafde fuort de winkel út yn de rjochting fan it parkearplak oan de Oosterstrjitte. De scooter dêr't er op kaam wie, liet er by de winkel stean. De plysje siket kontakt mei minsken dy't de oerfal sjoen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)