Tsjûgen oerfal Albert Heijn

22 des 2009 - 09:54

De plysje siket tsjûgen fan de oerfal moandei op de Albert Heijn yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert. moandeitemoarn betiid oerfoelen trije maskere manlju de winkel. Se bedrigen de meiwurkers en easken jild. Dêrnei naaiden se út.

Nettsjinsteande dat der in Burgernetaksje opstart waard, binne de dieders net fûn. De plysje freget dêrom minsken dy't wat witte of sjoen hawwe om kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)