Tsjûgen oanriding St Nyk socht

11 aug 2014 - 15:55

De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't mear witte fan de oanriding fan twa jonges fan 14 jier yn Sint Nyk. In 57-jierrige frou ried sneintejûn op de jonges yn. Ien fan de slachtoffers hat dêrby slim holleletsel oprûn en leit yn it sikehûs yn Grins. Hy is opereard. Neffens syn famylje is syn tastân noch krityk.

De plysje ûndersiket de saak en wol benammen prate mei minsken dy't de frou foar it ûngelok riden sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)