Tsjûgen moard Mearum socht

01 okt 2012 - 18:10

De plysje yn Grinslân siket in fytser út Drachtsterkompenije en in groep boufakkers dy't op 10 july mooglik de moardner fan Jan Elzinga sjoen hawwe. De frou fytste oer de Postdyk flak by it plak del dêr't de útbaarnde auto fan de moardner fûn waard. De boufakkers hawwe mooglik sjoen dat de moardner op it carpoolplak by Fryske Peallen yn in oare auto stapte.

De 40-jierrige Elzinga waard moarns betiid yn Mearum deasketten. De plysje hat trije fertochten oanhâlde: twa manlju út Zwolle fan 35 en 41 jier en in 44-jierrige man út Elburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)