Tsjûgen mishanneling socht

05 mrt 2003 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling. De frou (32) is sneon swier mishannele by it Kealledykje yn Ljouwert. Se rûn mei har fyts oan de hân troch de Dennenstrjitte doe't se troch trije manlju oerfallen waard. Under bedriging fan in pistoal moast se meirinne nei it tunneltsje. Dêr waard se yn it gesicht slein en yn de búk skopt. De oerfallers naaiden út doe't der ien oankaam.

Tsjûgen kinne belje mei 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)