Tsjûgen mishanneling socht

22 okt 2013 - 10:58
  • Geweld

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Dokkum fan sneontemiddei. Doe waard in 22-jierrige Dokkumer slein troch bekenden fan him, twa manlju en in frou. It slachtoffer krige dêrby ferskate klappen. De mishanneling wie op de Westerissestrjitte, flakby it Hellingpaad by it bolwurk.

De fertochten hawwe harren al meld op it plysjeburo, mar de plysje wol der mear fan witte. Se sykje no in man en in frou fan sawat 30 jier âld dy't der del fytsten doe't de man mishannele waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)