Tsjûgen koperstellerij frege

24 feb 2007 - 14:46

De plysje ropt de help fan it publyk yn by it oplossen fan twa stellerijen yn Ljouwert. By beide stellerijen wiene de dieven út op koper. Op in bouterrein oan de Zwettestrjitte waard út 3 masines de koperen betriedding knipt en meinaam. De skea is grut om't it wurk no mear as in dei stilleit.

Fan in bouterrein oan de Robinsonstr. waarden tritich rollen stroomkabel stellen. De plysje tinkt dat de saken wolris ferbân mei elkoar hâlde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)