Tsjûgen komme net opdaagjen

17 jun 2011 - 15:19

It heger berop tsjin in man út De Lemmer is fertraagd. De Lemster soe by in rûzje op in fiskbedriuw op Urk in kollega mei in filearmes ferwûne hawwe. Twa tsjûgen dy't freed by it heger berop heard wurde soene, kamen net opdaagjen. De saak giet no oer trije moanne fierder. De haadtsjûge út Poalen krijt in befel om dan te kommen om te tsjûgjen.

De rjochtbank feroardiele de Lemster yn 2009 tot tritich moanne sel fanwege besykjen ta deaslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)