Tsjûgen frege op Marktplaats

26 feb 2010 - 13:32

Hast trije jier nei dato docht de famylje De Vries der noch fan alles oan om in brânstichting op te lossen. Yn maaie 2007 is harren wenpleats yn Ljouwert oant de grûn ta ôfbaarnd. Se koene der noch krekt op tiid útkomme.

De plysje hat nei al dy jierren noch hieltyd gjin dieder. Dêrom komt de famylje mei in nije oprop op ûnder oaren Marktplaats, Speurders en YouTube. Foar de gouden tip jout de famlyje in beleanning fan 15.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)