Tsjûgen frege fan autobrân

07 jul 2009 - 09:57

De plysje yn Frjentsjer siket tsjûgen fan in autobrân, moandeitenacht oan de Schoener. De plysje krige melding fan in brân yn in bestelauto. Dy stie yn in parkearhaven. De brânwacht hat it fjoer útmakke, mar koe net foarkomme dat de auto en it skut dêr't er neist stie, ferlern giene.

Omdat de mooglikheid bestiet dat de brân oanstutsen is, freget de plysje minsken dy't wat sjoen hawwe oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)