Tsjûgen fernielings socht

21 feb 2006 - 12:32

Yn de nacht fan sneon op snein binne yn Ljouwert tal fan auto's fernield. Op dit stuit hat de plysje seis oanjeftes binnen. De auto's stiene yn de Bleekleane, de Tsjerk Hiddesstrjitte, de Grinzerstrjitwei en de Goudenregenstrjitte.

Der binne moochlik mear auto's fernield. De plysje fan Ljouwert docht dan ek in berop op mooglike tsjûgen om harren te melden. Dat kin tsjintwurdich ek fia ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)