Tsjûgen fan slimme mishanneling yn Ljouwert socht

29 jan 2015 - 14:11
  • Feilichheid

De plysje siket tsjûgen fan in slimme mishanneling yn Ljouwert. Dat wie al op freed 24 oktober ferline jier. Op dy jûn waard om in oere as kertier oer tsienen in man út Doorn troch in trijetal ynelkoar slein yn de Alde Doelesteech.

It 32-jierrige slachtoffer kuiere mei in maat doe't er spul krige mei de groep. Hy krige in klap, foel op 'e grûn en waard tsjin syn holle skopt. It slachtoffer rûn in stikkene noas, ferwûnings oan 'e holle en meardere kniezings op. Fan de trije fertochten binne kamerabylden, mar de plysje hat de manlju noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)