Tsjûgen fan ramkreak socht

23 mrt 2010 - 09:44

De plysje siket tsjûgen fan in ramkreak by in winkel oan de Canadezenlaan yn Ljouwert. Freedtenacht ried in auto troch de tagongsdoarren. Buertbewenners warskôgen de plysje, mar der wie neat stellen. Der binne yntusken twa fertochten oanhâlden.

Op bewakingsbylden is te sjen dat flak foar de ramkreak in pear minsken by de winkel delrinne. De plysje wol mei dy minsken prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)