Tsjûgen fan oanriding socht

31 okt 2013 - 15:28
  • Plysje-embleem

De plysje is op syk nei de bestjoerder fan in wite bestelauto dy't tongersdeitemoarn belutsen wie by in oanriding op de Folgeren yn Drachten. Dêrby rekke in 64-jierrige frou fan De Rottefalle ferwûne. Om in oere as alve hinne stuts de frou in rotonde yn de Folgeren oer. Dêrby ferliende se gjin foarrang oan de wite bestelauto, dy't har oanried. De frou gong ûnderút en moast mei ferwûnings oerbrocht wurde nei it sikehûs. De bestjoerder fan de bestelwein ried troch nei de oanriding. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok.

Minsken dy't mear witte oer de auto of de bestjoerder kinne kontakt opnimme mei de plysje: 0900 88 44. Of belje mei Misdaad Anonym op 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)