Tsjûgen fan oanranding socht

28 okt 2005 - 13:50

De plysje siket tsjûgen fan in oanranding, tongersdeitejûn yn Snits. In frou waard op it Kleinzand yn de stêd om in oere as sân troch trije manlju fan tusken de 20 en 30 jier in steech yntreaun. Dêr waard se oanrand.

De plysje freget minsken dy't wat fan it foarfal sjoen ha om har te melden. Dat kin by de plysje yn Snits fia it tillefoannûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)