Tsjûgen fan mishanneling socht

14 feb 2010 - 14:50

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling fan in Ljouwerter (19). De man waard yn de nacht fan sneon op snein om tsjin seis oere mishannele yn de Prins Hendrikstrjitte yn syn wenplak. It slachtoffer wie dêr mei syn freondinne, doe't se in groepke fan seis man tsjin it liif rûnen. Neidat der diskusje ûntstie, waard de Ljouwerter troch ien fan it groepke yn it gesicht slein en yn 'e hals snijd.

De man waard oerbrocht nei it sikehûs. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)