Tsjûgen fan mishanneling socht

04 jan 2013 - 14:08
  • Geweld

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling ferline wike freed yn Ljouwert. Doe waard in famke (19) op strjitte yn inoar slein troch har eks-freon, flak by de rotonde fan de Archipelwei. It famke moast nei it sikehûs, de fertochte koe koart dêrnei oppakt wurde troch de plysje en sit noch fêst.

De plysje siket no twa tsjûgen dy't der del fytsten, doe't de fertochte it famke mishannele. Ien fan har belle de plysje. Dizze twa manlju wurdt frege om har by de plysje te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)