Tsjûgen fan mishanneling Snits

16 des 2009 - 11:12

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Snits. Ferline wike sneon waard dêr in ynwenner (19) fan Marrum yn de buert fan de Janco Douwamastraat mei geweld yn in auto lutsen en nei it parkearterrein fan it Boargemaster Rasterhoffpark brocht. Dêr waard er mishannele.

De plysje hat al in Snitser (25) as fertochte oppakt en slút mear oanhâldings net út. Om in better byld te krijen fan wat bard, is siket de plysje no tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)