Tsjûgen fan fernieling socht

19 sep 2014 - 18:40

De plysje siket tsjûgen fan de fernieling fan in rút fan in wenning oan de Grândyk yn Holwert. Yn de nacht fan tongersdei op freed waarden de bewenners fan it hûs wekker fan in pear hurde knallen. Doe't se yn de keamer kamen, seagen se dat it raam fiernield wie. Yn de fierte fytste op dat stuit immen fuort. De plysje is op syk nei minsken dy't yn de nacht om twa oere hinne wat sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)