Tsjûgen fan busûngelok heard

04 nov 2013 - 12:57
  • Ien fan de trije bot skansearre touringcars

De plysje hat tsientallen tsjûgen heard nei oanlieding fan it busûngelok mei meiwurkers fan De Friese Wouden ôfrûne sneon op de A1 by Muiden. Net alle meiwurkers sille útnoege foar in gesprek.

De plysje lit witte dat it ûndersyk nei de tadracht noch lang net klear is. Dat kin noch wiken of sels moannen duorje. De plysje rapportearret it resultaat oan it Iepenbier Ministearje. Wannear't bliken docht dat der strafbere feiten bard binne, sil it ministearje beslisse oer mooglike ferfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)