Tsjûgen fan botsing socht

21 apr 2007 - 13:10

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding. Dat wie tiisdeitemiddei, yn Tsjummearum yn 'e buorren op de krusing mei de Kade. Dêr botste in auto mei karre derachter op in oare auto. In oare autobestjoerder hie dat sjoen en hy soe him melde by de plysje. Mar hy hat dat noch net dien. De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't mear witte fan 'e oanriding. Sy kinne har melde op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)