Tsjûgen botsing Dokkum socht

07 aug 2012 - 10:54
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding ôfrûne sneon op de Hurddraversdyk yn Dokkum. Om healwei seizen hinne waard de auto fan in 61-jierrige frou út Kollum oanriden troch in oare auto. De bestjoerder joech nei it ûngelok gas en naaide gau út. It giet neffens de plysje om in grize Volkswein of Renault.

In tsjûge gie noch achter de auto oan, mar rekke him op de Zwaan yn de wyk It Fûgellân kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)