Tsjûge twongen te ferskinen

28 jun 2006 - 09:24

In man út Drachten is tiisdei twongen om foar de rjochter te tsjûgjen tsjin de man dy't him ferkrachte ha soe. De man woe net komme, omdat er de konfrontaasje mei de fertochte net oan koe. It hôf hat doe opdracht jûn him fan hûs te heljen, omdat tsjûgen neffens de wet ferplichte binne te ferskinen.

De fertochte is in âld-plysjeman. Hy hat yntusken fêstsitten, mar hâldt fol dat er ûnskuldich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)