Tsjûge trappearret ynbrekkende frou op It Hearrenfean

10 feb 2016 - 14:32

De plysje op It Hearrenfean foarkaam woansdeitemoarn mei help fan in tsjûge in ynbraak yn in wenning oan de Hoopstede. De 44-jierrige frou dy't besocht yn te brekken waard op 'e died trappearre en oanhâlden.

De tsjûge seach dat de frou har fertocht ophâlde en folge har. Doe't se besocht om in doar fan de wenning iepen te brekken, warskôge de tsjûge de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)