Tsjûge socht ûngelok Hurdegaryp

12 maaie 2006 - 13:18

De plysje is op syk nei in tsjûge fan in deadlik ûngelok yn Hurdegaryp, ferline wike woansdei. It giet om in motorrider dy't mooglik mear wyt oer de tadracht fan it ûngelok. Dat barde op de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp.

In 63-jierrige man út Surhuzum kaam om it libben. De motorrider ried tusken de auto fan in oare tsjûge en de auto dy't by it ûngelok belutsen wie. De plysje tinkt dat de motorrider mear fertelle kin oer it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)