Tsjûge-oprop deadlik ûngelok

03 feb 2011 - 11:49

De plysje is op syk nei ynformaasje oer in ûngelok dêr't freedtejûn in man út Litouwen by om it libben kaam. De 34-jierrige man wie de bestjoerder fan in auto dy't op de Noarderhegewei yn Drachten tsjin in beam oan botste. Dat wie neffens de plysje omdat de man de macht oer it stjoer kwytrekke. Wêrom't dat sa wie, is net bekend.

De plysje siket minsken dy't mear oer it ûngelok fertelle kinne. In twadde ynsittende rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)