Tsjûge Griene-Stjer-gebiet socht

24 jan 2006 - 14:31

De plysje is op syk nei in frou dy't mooglik in berôving yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert sjoen hat. Op freed 13 jannewaris, moarns om healwei tsienen, moast in man ûnder bedriging fan in fjoerwapen syn beurs ôfjaan.

Op it plak fan it misdriuw hat de plysje mei in frou praat. Sy joech in sinjalemint, mar de plysje hat fan har gjin namme, adres en telefoannûmer opskreaun. De plysje wol no graach wer mei har yn kontakt komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)