Tsjotters en wettersportklup yn nij ûnderkommen yn Heech

02 maaie 2015 - 12:22
  • Gebou wettersportferiening en tsjotterfloat yn Heech

Yn de passantehaven fan Heech wurkje frijwilligers hurd oan in nij ûnderkommen fan de Hegemer wettersportferiening WSH en de stichting Friese Tjottervloot. Dy krije beide ûnderdak yn it nije gebou oan de Hegemermar.

Foar it fuortbestean fan de tsien tsjotters en it Fryske jacht fan de stichting is it in grutte stap foarút. De tsjotters lizze no noch op twa ferskillende plakken yn Heech en minsken moatte in hiel ein farre om op 'e mar te kommen. Dat hoecht tenei net mear. De boaten lizze dan ek mear yn 't sicht.

Boppedat wurdt ek mear gearwurke mei de wettersportferiening. Dat soe wolris wat mear stipers opsmite kinne en de bân mei it doarp wurdt sa ek oanhelle. Koartlyn is it heechste punt berikt fan it nije gebou en fan 't simmer wurdt it al yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)