Tsjommerdyk wurdt breder

25 des 2013 - 10:20
  • Frjentsjer

De gemeente Frjentsjerteradiel begjint healwei jannewaris mei it ferbreedzjen fan de Tsjommerdyk by Frjentsjer. Sûnt it oanlizzen fan de rûnwei wurdt dizze dyk faker brûkt, mar frachtauto's kinne elkoar dêr net foarby. Dêrom wurdt de dyk no ferbrede nei sân meter. Ek wurdt in 60 kilometersône ynsteld, om't der in soad krúspunten binne en hûzen steane hiel ticht op 'e dyk. Foar de wurksumheden moat it fytspaad tydlik ôfsletten wurde. Letter dit jier moat ek de dyk in pear dagen ticht. It wurk is yn de maitiid hielendal klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)