Tsjommearum: Meirink-en-dy winne

16 aug 2003 - 00:00

By it earsteklassekeatsen yn de frij formaasje yn Tsjummearum gie de winst nei it partoer fan Johan Meirink, Michel van der Veen en Pier Piersma. Harren partoer stie flink achter, mar it slagge harren om werom te kommen mei 5-2 en 6-4. Ferliezend finalisten wiene Jan Dirk de Groot, René Tiesma en Willem Rienks.

De keatsferiening fan Tsjummearum bestiet takom jier 125 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)