Tsjom even sûnder hoanne

27 maaie 2001 - 00:00

Tsjom rekket tiisdei syn tsjerkehoanne kwyt. Foar in skoftke alteast, want de hoanne krijt in nij likje ferve. In kraan sil de hoanne fan de toer ôfhelje, de trochgeande dyk is dan ôfsletten.

De heechste doarpstoer fan Fryslân wurdt al in skoftke restaurearre. De spits is no fierhinne klear. De restauraasje fan tsjerke en toer duorret noch in pear moanne en kostet sa'n twa miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)