'Tsjinstauto's meie net te lúks'

21 apr 2005 - 10:57

Deputearren en Kommissaris Nijpels meie net yn lúksere auto's ride as de ministers. Dat hawwe de steaten woansdei sein. Ek is ôfpraat dat better sjoen wurdt nei belangeferstrengeling.

De auto's binne kocht by it bedriuw dêr't deputearre Ploeg earder direkteur wie. Boppedat kostje de nije auto's goed 85.000 euro. De PvdA fynt dat yn dizze tiid fierstente djoer. De moasje fan de FNP helle it net. Dêr stie yn dat de oankeap weromdraaid wurde moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)