Tsjinstauto's: heal miljoen

19 feb 2011 - 14:55

De fiif tsjinstauto's fan 'e provinsje Fryslân kostje goed in heal miljoen yn 't jier. It giet om de weinen fan de deputearren en de kommissaris fan de Keninginne. Dat docht bliken út ûndersyk troch RTL Nieuws. Dy hat fan alle provinsje berekkene wat se betelje oan lease-auto's, salarisen fan sjauffeurs en brânstof.

Fan alle provinsjes binne allinnich Limburch en Noard-Hollân djoerder út as Fryslân. Dy lêste is koprinner mei 640.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)