Tsjinstauto foar Polderman

29 mrt 2007 - 22:40
  • Polderman hoecht net mear sels efter it stjoer

Nei Dales fan Ljouwert krijt ek boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel syn eigen auto mei sjauffeur. Oant no ta ried Polderman sels nei syn ôfspraken ta of waard der in auto mei sjauffeur hierd.

De tsjinstauto kostet mear as 52.000 euro. Dat is sa djoer, om't it in hybride-auto is. Sa'n auto rydt neist op gewoane bensine sûnder lead ek op elektrisiteit. De auto is dêrmei folle suniger as in gewoane auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)