Tsjinstân wynmolepark polder

02 nov 2008 - 12:58

De tsjinstanners fan it wynmolepark by de Noardeastpolder wolle gau oerlis mei de gemeente Lemsterlân oer har beswieren. Dat skriuwe se yn in brief oan de gemeente.

Yn in kommisjegearkomste fan Lemsterlân wolle de tsjinstanners fêst fertelle wat se dogge at de Miljeu Effekt Rapportaazje op besjen leit by de gemeente Noardeastpolder. De tsjinstanners wolle har protesten trochsette oan de Steatsrie en Europeeske Kommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)