Tsjinst út 1703 yn Tsjerkgaast

12 jan 2003 - 00:00

Yn de herfoarme tsjerke fan Tsjerkgaast wurdt takom snein in tsjerketsjinst út 1703 neispile. De gemeente docht dat om't de tsjerke op 25 juny yn dat jier boud is.

De leden fan de herfoarme mienskip wolle it 300-jierrich jubileum net samar foarby gean litte. Neist de histoaryske tsjerketsjinst wurde der ek oare aktiviteiten organisearre, lykas in iepenloftspul. De herfoarme gemeente hat yn Tsjerkgaast 1100 offisjele leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)