Tsjinslach opknappen wynmotor

26 maaie 2014 - 18:02
  • De wynmotor fan Munnekebuorren is yn de race foar de Molenprijs

De restauraasje fan in âlde wynmotor by de Grutte Feanpolder by Munnikebuorren rint bot fertraging op. Rolf en Ria van der Mark, inisjatyfnimmers fan it projekt en eigeners fan de neistlizzende wynmûne De Rietvink, wolle de wynmotor en de mûne restaurearje, mei as doel om der krekt as mei De Rietvink, wetter út de polder wei te meallen.

It stel rekkene op in subsydzje fan 25.000 euro fan Wetterskip Fryslân. Dy kent it jild net ta om't mei de wynmotor wetter út natoergebied De Rottige Meenthe fuortwurke wurdt en dat is net winsklik.

Rolf en Ria van der Mark fine dat nuver om't De Rietvink itselde wetter fuortmealt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)